Wurk by Bijlsma noch altyd faai

20 jan 2004 - 00:00

Der is noch hieltyd gjin dúdlikheid oer it behâld fan wurkgelegenheid by Skipswerf Bijlsma op De Lemmer. De direksje fan de werf hat oant moandeitejûn let ûnderhannele oer in oarder. It soe gean om in opdracht foar it ôfbouwen fan skipskasko's.

De opdrachten binne nedich om wurkgelegenheid by it bedriuw te behâlden. No is al dúdlik dat der by de werf santjin banen ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)