Wurdum wint Frysk Damjen

16 jan 2005 - 14:23

Wurdum is sneon yn Easterein klubkampioen Frysk Damjen wurden. Twadde waard Hartwert. Aldegea Wymbritseradiel waard tredde. It wie foar de 68e kear dat de klubkampioenskippen holden waarden.

De winst fan Wurdum wie opfallend. De lêste jierren gie de titel yn de regel nei Hartwert of Aldegea. Wurdum spile ferline jier noch yn groep twa. Skearnegoutum is nei dizze wedstriid degradearre út de kampioensgroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)