Wurdum jout foar supermerk

24 des 2011 - 09:37
  • Buersuper Wurdum

In aksje foar it behâld fan de supermerk yn Wurdum hat oant no ta 35.000 euro opsmiten. It giet om sertifikaten fan 100 euro it stik dy't kocht binne troch ynwenners fan Wurdum en Swichum. It jild is bedoeld om de hjoeddeiske winkel ferbouwe te kinnen. It doarp hopet dêrnei in ûndernimmer te finen dy't him deryn fêstigje wol.

Op dit stuit wurdt de winkel draaiende hâlden troch soarchferliener Talant. Dy lûkt him lykwols werom omdat de organisaasje gjin jild hat foar de ferbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)