Rotonde A32 Wurdum iepen

08 sep 2013 - 12:44
  • It fytspaad nei Wurdum wie ticht fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert
  • De nije rotonde by Wurdum
  • Gjin stopljochten mear by Wurdum

De nije ferkearssituaasje yn de A32 by Wurdum pakt goed út foar it doarp. Dat seit Hilda Koops fan Doarpsbelang. Yn plak fan stopljochten is der no in rotonde en dêr is Doarpsbelang Wurdum bliid mei. Doarpsbelang hopet dat bewenners fan Wergea en Warten tenei minder faak troch Wurdum ride sille om gau yn it eigen doarp te wêzen.

De nije rotonde giet moandei iepen. Doarpsbelang is tige te sprekken oer de ynformaasje dy't Rykswettersteat altyd jûn hat. De rotonde kin brûkt wurde troch autoferkear, fytsers en kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)