Wurdt swimster Marrit Steenbergen de nije Kromowidjojo?

10 feb 2015 - 08:14
  • Marrit Steenbergen

Swimster Marrit Steenbergen út Easterwâlde is hurd op wei om de nije Naomi Kromowidjojo te wurden. De swimster fan it Regionaal Trainings Centrum yn Drachten en ek noch lid fan de swimklup DZ&PC ferbetteret it iene nei it oare jeugdrekôr. Mar se moat der ek hiel wat foar dwaan. Moarns om sân oere leit Marrit Steenbergen al yn it swimbad yn Drachten en dêrnei giet se nei de spesjale skoalle foar topsporters op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)