Wurdearring Het Friese Land boppe lanlik gemiddelde

05 feb 2016 - 10:15

Kliïnten fan Het Friese Land jouwe de thússoarchorganisaasje in 9,1 foar de bejegening fan de klanten. Dat docht bliken út in tefredenheidsûndersyk. Dat ûndersyk wurdt ien kear yn de twa jier holden.

Gemiddeld scoort Het Friese Land in 8,5. Dat is heger as it lanlik gemiddelde. Yn it ûndersyk wurdt ûnder oaren frege nei de soarch, de ynformaasjefoarsjenning en de kwaliteit fan de meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)