Wûnseradiel skrast bibliobus

05 jul 2003 - 00:00

De gemeente Wûnseradiel hat it kontrakt mei de bibliobus net ferlingd. Dat betsjut dat fiif doarpen it tenei sûnder dy foarsjenning stelle moatte. Hoewol't de bibliobus in súkses is en populêr is by de bern yn de doarpen, wurdt er te djoer.

De gemeente wol sykje nei goedkeapere alternativen foar de bibliobus. Haad boargersaken Wim Beckers tinkt dêrby oan it reservearjen fan boeken fia ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)