Wûnseradiel siket gearwurking

26 jun 2007 - 07:59

Littenseradiel is wol hiel koart troch de bocht gien troch de gemeenteried fan Wûnseradiel ôf te servearjen as partner by in gemeentlike weryndieling.

Dat sei boargemaster Theunis Piersma fan Wûnseradiel moandeitejûn yn de gemeenteriedsfergadering út namme fan it hiele kolleezje. Hy reagearret hjirmei op de konklúzje fan de gemeenteried earder dizze moanne, dat in weryndieling winsklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)