Wûnseradiel foar weryndieling

28 okt 2008 - 17:19
  • Wûnseradiel stimt foar opheffing

Nei Wymbritseradiel stimt ek Wûnseradiel yn mearderheid foar weryndieling. Fiif riedsleden binne tsjin it fúzjeplan fan fiif gemeenten ta ien grutte Súdwesthoekegemeente. Under harren ek CDA-riedslid Jan Galema, broer fan deputearre Sjoerd Galema. Jan Galema fynt dat de nije gemeente te grut wurdt.

Tiisdeitejûn stimme Nijefurd, Boalsert en Snits as lêsten oer de weryndieling. Wymbritseradiel stimde tiisdeitemiddei al foar de fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)