Wûnseradiel foar weryndieling

10 okt 2006 - 06:19

De mearderheid fan de gemeenteried fan Wûnseradiel is foar in weryndieling fan de gemeente. Dêrmei is de kâns op in gemeentlike weryndieling yn it súdwesten fan Fryslân wer in bytsje grutter wurden. In beslút oer de fúzje is noch net naam. Dêrfoar wiene de mieningsferskillen noch te grut.

De gemeenteried wol dat it kolleezje no earst om tafel giet mei mooglike partnergemeenten om te praten oer it hoe en wat fan in fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)