Wüst wint ek 3 km yn Inzell

08 mrt 2014 - 15:44
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst hat sneon de 3 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell op har namme skreaun. De Olympysk kampioene sette in winnende tiid fan 4.01,52 op 'e klok en bleau dêrmei har grutste konkurrinte Martina Sábliková rom foar. De Tsjechise waard twadde yn in tiid fan 4.04,00. Yvonne Nauta pakte it tredde plak yn 4.04,44.

Yn it wrâldbekerklassemint giet Sablikova noch altyd oan de lieding mei 460 punten. Claudia Pechstein stiet twadde mei 380 punten, Ireen Wüst is tredde mei 240 punten. Nije wike binne de wrâldbekerfinales yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)