Wüst wint 3 km op WK yn Sotsji

21 mrt 2013 - 16:31

Ireen Wüst hat har earste gouden medalje op it WK ôfstannen op de Olympyske baan fan Sotsji te pakken. Op de 3000 meter wie de ynwenster fan It Hearrenfean fierwei de bêste.

Wüst ried yn de foarlêste rit tsjin Martina Sábliková. Wüst kaam yn 4.02.43 oer de streek, Sábliková yn 4.04.80. Yn de striid om it brûns wûn Claudia Pechstein yn 4.07.75 fan Diane Valkenburg mei 4.08.12. Linda de Vries waard fiifde yn 4.09.53. Ireen Wüst wie ek yn 2011 de bêste, Martina Sábliková pakte ferline jier de titel. Freed is Wüst favoryt op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)