Wüst wint 3 km, De Jong twadde

27 des 2013 - 19:29
  • Ireen Wüst
  • Antoinette de Jong

Ireen Wüst hat freed de 3 kilometer wûn by de froulju op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op Thialf en hat har dêrmei pleatst foar de Spelen yn Sotsji. Wüst wie fierwei de rapste en kaam mei 3.59,45 ticht yn 'e buert fan har eigen baanrekôr fan 3.58,68.

Antoinette de Jong fan Rottum ried in nij baanrekôr foar junioaren en waard mei 4.03.56 twadde. De Jong is dêrmei ek wis fan in ticket foar Sotsji. It brûns gong ferrassend nei Annouk van der Weijden (4.03,70). Dêrmei wie se 0,03 tellen rapper as Yvonne Nauta, dy't as fjirde einige.

Troch it teloarstellende fjirde plak hat Yvonne Nauta har net pleatst foar de Olympyske Spelen yn Sotsji. Omdat Nauta op de krusing hindere waard troch Linda de Vries, ferlear se kostbere tiid. De Vries waard diskwalifisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)