Wüst wint 1500 meter yn Inzell

09 feb 2013 - 13:06

Ireen Wüst hat sneon op oertsjûgjende wize de 1500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Inzell. De Europeesk kamioene allround sette in tiid fan 1.55.95 op 'e klok en bleau dêrmei Diane Valkenburg (1.56.42) en de Russyske Jekaterina Sjichova (1.57.07) foar.

Marrit Leenstra klokte yn Inzell 1.57,73, goed foar it 6e plak. De rydster fan Wikel giet oan de lieding yn it 1500-meterklassemint mei 305 punten. De ôfwêzige Christine Nesbitt stiet twadde mei 270 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)