Wüst tsjin Sábliková op 5 km

18 feb 2014 - 18:52
  • Ireen Wüst
  • Yvonne Nauta

Ireen Wüst nimt it woansdei op de 5 kilometer op tsjin de regearjend Olympysk kampioene Martina Sábliková út Tsjechië. De froulju ride yn de sânde rit. Yvonne Nauta fan Twellingea start yn de achtste en lêste rit tsjin de Dútse Claudia Pechstein.

Carien Kleibeuker komt as earste Nederlânse yn aksje, yn de fiifde rit tsjin Masako Hozumi út Japan. De 5 kilometer start woansdei om 14.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)