Wüst tsjin Sábliková op 3 km, Bergsma tsjin Swings op 10 km

11 feb 2015 - 20:13
  • Ireen Wüst
  • Jorrit Bergsma

By it WK ôfstannen yn Thialf nimt Ireen Wüst it tongersdei by de 3.000 meter op tsjin Martina Sábliková. De twa treffe elkoar yn de tsiende en lêste rit. Dat is dúdlik wurden by de lotting. Beide hawwe earder goud wûn op de ôfstân. De oare Nederlânske froulju komme yn de sânde en achtste rit yn aksje.

By de manlju treft Jorrit Bergsma yn de sechsde en lêste rit fan de 10.000 meter Bart Swings. Erik Jan Kooiman komt op dy ôfstân yn de tredde rit yn aksje. Hy is de ferfanger fan Sven Kramer, dy't earder dizze wike ôfsei foar de ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)