Wüst troch goud bêste Olympiër

22 feb 2014 - 17:18
  • Wüst genietet fan de winst op de 5 kilometer

Ireen Wüst is troch it goud op de ploege-achterfolging op de Olympyske Spelen yn Sotsji de bêste Olympyske reedrydster fan Nederlân. Wüst helle fiif medaljes yn Sotsji en komt dêrmei op in totaal fan acht Olympyske plakken. Dat is ien mear as ploechgenoat Sven Kramer.

Wüst wûn yn Sosji njonken de ploege-achterfolging ek de 3 kilometer en einige op de 1000, de 1500 en 5 kilometer as twadde. Yn Vancouver pakte se al it goud op de 1500 meter. By de Spelen yn Turijn wie der goud op de 3 kilometer en brûns op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)