Wüst tredde, Leenstra tsiende

18 feb 2012 - 12:58

Ireen Wüst is op de earste ôfstân, de 500 meter, by it wrâldkampioenskip reedriden yn Moskou tredde wurden. Wüst ried 39.37. Christine Nesbitt wûn de 500 meter mei oermacht. De Kanadese sette 38.30 op de klokken. Marrit Leenstra hie in beroerd begjin. De Wikelse is net fit en dat smiet in tsiende plak op yn 40.00.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)