Wüst toant bloedfoarm op 1500

10 mrt 2013 - 16:06
  • Ireen Wüst

Nei de 3000 meter hat Ireen Wüst op de slotdei fan de wrâldbekerfinale yn Thialf ek de 1500 meter op har namme skreaun. Wüst stuts mei kop en skouders boppe de rest út. De rydster fan TVM klokte in tiid fan 1.54.67 en wie dêrmei hast twa tellen rapper as de nûmer twa Lotte van Beek, dy't 1.56.58 notearre. It brûns wie foar de Kanadese Christine Nesbitt: 1.56.86.

Marrit Leenstra einige mei 1.57.74 op it 8e plak. Dat wie genôch foar winst fan de wrâldbeker, mar it startbewiis op de 1500 meter by de WK ôfstannen gong oan Leenstra's noas foarby.

Njonken Ireen Wüst sille Lotte van Beek en Diane Valkenburg yn Sotsji oan de start ferskine op de 1500 meter.

By de manlju gong de winst ferrassend nei de Belch Bart Swings. Bêste Nederlanner wie Mark Tuitert op it 7e plak. Foar Nederlân sille njonken Tuitert ek Kjeld Nuis en Koen Verweij oan de start stean by de WK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)