Wüst start optimistysk op EK

10 jan 2014 - 17:02
  • Ireen Wüst is optimistysk oer har kânsen

Reedrydster Ireen Wüst besiket dit wykein foar de tredde kear yn har karriêre Europeesk allroundkampioene te wurden. Earder pakte se de titel yn 2008 en 2013. Op de baan yn it Noarske Hamar moat it barre foar de frou, dy't ek al flouwer kear wrâldkampioene west hat. Njonken Wüst dogge foar Nederlân ek Friezinne Yvonne Nauta, Diane Valkenburg en Marije Joling mei.

Wüst hat goeie werinnerings oan de 400-meter baan yn it Fikingskip fan Hamar. Ferline jier helle se dêr de WK-titel by it allround reedriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)