Wüst oppermachtich op 3000 m

16 feb 2013 - 16:56

Ireen Wüst giet nei ien dei oan de lieding by it WK allround yn Hamar. Op de twadde ôfstân, de 3000 meter, wie se oppermachtich. De rydster fan It Hearrenfean notearre in tiid fan 4.05,41. Dat wie genôch om de 4,5 tellen efterstân op Christine Nesbitt goed te meitsjen. De Kanadese, dy't earder op de dei de 500 meter wûn, sakke op de 3 kilometer troch it iis. Nesbitt klokte mei 4.18,13 in 18e tiid.

It sulver op de 3000 meter wie foar Diane Valkenburg (4.08,12). It brûns gong nei Ida Njåtun út Noarwegen, dy't (4.08,64) notearre.

Wüst giet nei twa ôfstannen mei in romme foarsprong oan de lieding yn it tuskenklassemint. Op it twadde plak stiet Yekaterina Shikhova en de nûmer trije is Diane Valkenburg. Snein gean de froulju fan start op de 1500 meter. De beslissing sil falle op de ôfslutende 5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)