Wüst oppermachtich, Nauta bêst

12 jan 2014 - 13:49
  • Ireen Wüst
  • Yvonne Nauta

Ireen Wüst hat ek de tredde ôfstân op it Europeesk kampioenskip yn Hamar wûn. Op de 1500 meter liet se de konkurrinsje fier achter har. De winnende tiid fan Wüst wie 1.54.87, krekt gjin baanrekôr. De Russise Yuliya Skokova waard twadde yn 1.57.02. Yvonne Nauta waard moai tredde yn 1.57.28, krekt gjin persoanlik rekôr. Yn it algemien klassemint hat Ireen Wüst no in foarsprong fan 20 sekonden op Skokova. Yvonne Nauta stiet no fiifde. Mei in bêste 5000 meter soe de Twellingeaster it poadium helje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)