Wüst lottet lêste rit 3.000 m

14 feb 2010 - 12:37
  • Ireen Wüst moat sneintejûn oan de bak yn de lêste rit op de 3 kilometer

Ireen Wüst komt sneon op de 3 kilometer fan de Olympyske Spelen yn Vancouver pas yn de 14de en lêste rit yn aksje. Dat is sneon bepaald troch lotting. De regearend Olympysk kampioene moat it yn har rit opnimme tsjin de Dútse Daniela Anschütz-Thoms.

Foar Nederlân dogge komme njonken Wüst ek Renate Groenewold en Diane Valkeburg yn aksje. Groenewold wûn al twa kear sulver op de Olympyske 3 kilometer. De 3 kilometer begjint om 22.00 oere Nederlânske tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)