Wüst feroveret 4e wrâldtitel

17 feb 2013 - 15:57
  • Ireen Wüst
  • Ireen en Sven

Ireen Wüst hat snein yn it Noarske Hamar har fjirde allround wrâldtitel pakt. Mei winst op de ôfslutende 5 kilometer liet de rydster fan TVM der gjin misferstân oer ferstean wa't de bêste wie. Wüst wûn ôftekene mei in tiid fan 7.05.13. Ek de rest fan it poadium kleure oranje. It sulver wie foar Diane Valkenburg, dy't 7.07.07 klokte. It brûns gong nei Linda de Vries mei 7.09.23.

Yn it einklassemint einige Valkenburg as twadde, it tredde plak wie foar de Russyse Yekaterina Shikhova.

Mei har wrâldtitels yn 2007, 2011, 2012 en 2013 komt Wüst op likense hichte mei it nasjonale rekôr fan Atje Keulen-Deelstra dy't yn 1970, 1972, 1973 en 1974 fjouwer kear plak nimme mocht op de heechste tree. Gunda Niemann út Dútslân is mei acht wrâldtitels allround rekôrhâldster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)