Wüst en Nauta sterk op 3 km

11 jan 2014 - 16:08
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst is ûnderweis nei har tredde Europeeske titel. Nei winst op de 500 meter, wûn se ek de 3000 meter. It âlde baanrekôr út 2001 fan Gunda Niemann (4.00.26) koe Wüst net ferbetterje. Se sette 4.02.02 op de klokken. Yvonne Nauta waard prachtich twadde yn in nij persoanlik rekôr: 4.02.63. Martina Sábliková waard tredde yn 4.04.22, krekt foar Marije Joling yn 4.04.24. Yn it klassemint nei de earste dei hat Wüst in romme foarsprong op de Russsise Yuliya Skokova en Marije Joling. Diane Valkenburg is fiifde, Yvonne Nauta is no sânde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)