Wüst is de topper fan Sotsji

08 okt 2014 - 10:06
  • Bliidskip by Ireen Wüst

Ireen Wüst is troch de Assosjaasje fan Nasjonale Olympyske Komitees, de ANOC, útroppen ta meast suksesfolle sporter fan Sotsji. De reedrydster krijt yn novimber de priis útrikt yn Bangkok. Nei alle gedachten sil Wüst de priis sels yn ûntfangst nimme yn Tailân, omdat se dan al yn Azië is foar wrâldbekerwedstriden. Dit meldt de NOS.

Wüst, dy't al jierren op It Hearrenfean wennet, wûn dit jier twa gouden en trije sulveren medaljes by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Se wie ek al de meast suksesfolle Olympiër fan Nederlân.

It giet om in nije priis, dy't ek mei weromwurkjende krêft útrikt wurdt oan de meast suksesfolle sporters fan de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen. Dat wurdt dien op 7 novimber by it ANOC Gala Awards Dinner. De ANOC is in ynternasjonaal oerkoepeljende organisaasje dêr't alle NOC by oansletten binne, dus ek it Nederlânske NOC*NSF.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)