Wüst brûns op 3000 meter

22 mrt 2012 - 19:48

Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat by de WK ôfstannen yn iisstadion Thialf brûns helle op de trije kilometer. Wüst wie titelhâldster, mar koe op har eigen iis net winne fan de Tsjechyske Martina Sablikova. Dy helle it goud yn in tiid fan 4.01,88, foar de Dútse Stephanie Beckert, mei 4.04,09. Wüst sette 4.04,87 op de klok.

Wüst lei oant 800 meter foar de finish noch in dikke sekonde foar op Sablikova, mar seach har rûndetiden dêrnei oprinnen.

Earder op de middei wûn de Kanadees Denny Morrison de 1500 meter yn 1.46.44. De Rus Ivan Skobrev waard twadde yn 1.46.49 en de Noar Havard Bokko tredde yn 1.46.50. De Nederlanners stelden teloar. Stefan Groothuis (1.46.65) waard fiifde, Kjeld Nuis (1.47.06) achtste en Koen Verweij (1.47.74) fjirtjinde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)