Wüst 2e nei trije ôfstannen

07 jan 2012 - 13:59

Ireen Wüst stiet nei trije ôfstannen twadde op it Europeesk kampioenskip yn Boedapest. Op de 1500 meter waard Wüst, de Olympysk kampioene, sechsde. Mei har 2.06.36 moast se krapoan trije sekonden tajaan op winneres Martina Sábliková (2.03.64). Claudia Pechstein moast noch folle mear tajaan. De liedster nei de earste dei kaam yn 2.08.72 oer de streek.

Wüst moat snein op de 5000 meter goed fjouwer sekonden goedmeitsje op regearend kampioene Sábliková.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)