Wüst 2e, Leenstra 4e op 1000 m

12 mrt 2011 - 12:44

Marrit Leenstra is sneon fjirde wurden op de 1000 meter yn Inzell. De Wikelse moast freed de 1500 meter oan har foarby gean litte om't se net fit wie. Mei in tiid fan 1.16.30 like it oft se op it poadium komme soe. Ireen Wüst ried mei 1.15.42 in nij baanrekôr.

Yn de lêste rit moasten Nesbitt en Richardson tsjin elkoar. De Kanadeeske Nesbitt wie úteinlik de rapste mei 1.14.84. Wüst waard twadde en de Amerikaanse Richardson tredde. Margot Boer fan Grou einige as sechsde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)