Wubben wint 16e race Essentcup

10 feb 2005 - 16:23

Kurt Wubben hat yn Grins de 16de wedstryd om de Essentcup wûn. Yn de einsprint fersloech er ûnder oare Henk Angenent. Peter de Vries fan It Hearrenfean kaam as njoggende oer de streep.

Jeroen de Vries fan Sint Nyk, dy't it ôfrûne wykein noch de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee wûn, waard tolfde. Hy stiet noch wol fjirde yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)