Wubben nimt ôfskie mei winst

26 feb 2011 - 23:40
  • Bert Jan van der Veen - yn it grien - nimt ôfskie (foto: awfoto.nl)

Kurt Wubben hat yn Thialf de finale fan de KPN Maraton Cup wûn. Dêrmei joech de 39-jierrige reedrider út Pijnacker glâns en gloarje oan syn lêste wedstriid. Mei njoggen oare riders hie er twa rûntsjes foarsprong op it peloton. Geert Plender waard twadde, Bob de Vries tredde.

Foar Bert Jan van der Veen wie it ek de lêste wedstriid. De hast 43-jierrige Jouster waard trije kear nasjonaal kampioen op keunstiis en wûn de alternative alvestêdetocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)