Wu Tang Clan dochs nei Fryslân

01 feb 2003 - 00:00

De Amerikaanske hiphopband 'Sunz of Men' dielde sneon hantekens út yn Ljouwert. De hiphoppers binne fan de Wu Tang Clan út New York dy't ûnder kenners wrâldferneamd is. Oer de hiele wrâld hawwe se 40 miljoen cd's ferkocht.

De Sunz of Men hiene harren wrâldtoernee ôfsein, mar makken in útsûndering foar Fryslân. Sneontejûn treden se op yn jongereinsintrum Iduna yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)