WTC krijt jild foar befoarderjen ynternasjonale hannel

25 nov 2014 - 21:45

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert stekke de kommende trije jier dik fjouwer ton yn it WTC, it World Trade Center. It jild is bedoeld om ynternasjonale hannel troch Fryske bedriuwen te stimulearjen. De kosten hjirfan kinne foar in grut part troch it WTC sels betelle wurde, mar foar de opstart fan de aktiviteiten is ekstra jild nedich. It is de bedoeling dat it WTC úteinlik ìt sintrum wurdt foar ynternasjonaal ûndernimmen en eksportbefoardering yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)