WTC Expo Ljouwert wol opnij flechtlingen opfange

24 des 2015 - 13:04
  • De Friezenhal yn it WTC-Expo yn Ljouwert

It WTC Expo yn Ljouwert wol nei it beursseizoen, op 'e nij flechtlingen opfange. Direkteur Jan Spoelstra sjocht mei in goed gefoel werom op de opfang. Dy rint begjin jannewaris ôf, om't de Friezenhal dan wer brûkt wurde moat foar ferskate beurzen.

De hal moat op uterlik 10 jannewaris hielendal leech wêze. De likernôch 350 flechtlingen dy't no noch yn it WTC sitte, gean dan nei it kantoargebou oan de Heliconwei dat op dit stuit ferboud wurdt foar de opfang.

De polityk bepaalt

Fan 1 april ôf kinne der wer flechtlingen opfongen wurde yn it WTC. Direkteur Spoelstra makket dúdlik dat it de polityk is dy't bepaalt as der wer flechtlingen yn it WTC komme, mar dat hy alle meiwurking jaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)