WTC Expo komt mei sakebeurs

10 jan 2013 - 17:04

De 30ste bedriuwekontaktagen yn it WTC yn Ljouwert meie dan net troch gean dit jier yn ferbân mei de krisis, mar WTC Expo komt fuortdaliks mei in nij saaklik evenemint. Dat moat al plakfine op 26 en 27 maart, in wike letter as dat de kontaktdagen op it programma stiene.

WTC Expo fynt dat der wol in evenemint foar de noardlike sakewrâld komme moat en komt mei TEL. Dat stiet foar Trade Experience Leeuwarden. De organisaasje hat der alle fertrouwen yn de sakebeurs noch op de rails sette te kinnen.

Binnen inkelde dagen komt der in webside en mear ynformaasje foar bedriuwen dy't belangstelling hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)