Wrâldtitel foar kuorballers

20 apr 2014 - 21:03
  • Marloes Frieswijk wrâldkampioen 2015 kuorbal U19

Yn it Kealledykje yn Ljouwert is Nederlân wrâldkampioen kuorbaljen wurden. Op it offisjeuze WK foar spilers ûnder de 19 jier waard België yn de finale nei in 7-5 rêststân ferslein mei 13-9. Dútslân pakte it brûns troch in 10-6 oerwinning op Portugal.

Yn totaal kamen 16 ploegen út 13 lannen yn aksje. Foar it earst die in Súd-Amerikaansk lân mei. Dy primeur is foar Brazilië. De iennige Fries yn it Nederlânsk team wie Marloes Frieswijk út Wolvegea. De spylster fan SCO is krekt 18 jier, mar pakte snein al har twadde titel mei Oranje U19.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)