Wrâldrekord Kramer op 10 km

20 mrt 2006 - 15:51

Sven Kramer fan Aldskoat hat snein op it WK yn Calgary in wrâldrekord riden op de 10 kilometer. Op it rappe Kanadeeske iis hie Kramer 12.51,60 nedich. En dat wie sa'n fjouwer sekonden flugger as it âlde rekord fan de Amerikaan Chad Hedrick.

De Amerikaan Shani Davis wûn it wrâldkampioenskip. Enrico Fabris eindige as twadde, Sven Kramer as tredde. By de froulju waard Wieteke Cramer fan it Hearrenfean alfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)