Wrâldrekord flaaks rûpeljen

12 sep 2003 - 00:00

Op it doarpsfeest fan Ferwert is freedtemiddei it wrâldrekord flaaks rûpeljen brutsen. Mei 50 âlde masines, saneamde rûpelbanken, wurdt it sied út it flaaks ferwidere. Fan de sieden wurdt lynoalje makke en fan it flaaks linnen.

Eartiids waard der in protte flaaks ferboud yn de omkriten fan Ferwert en it besoarge de streek in sekere rykdom. Mei de opkomst fan keunstfezel yn de jierren '50 ferdwûn de âlde yndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)