Wrâldrekord domino brutsen

13 nov 2004 - 16:28

It wrâldrekord fallende dominostiennen is freedtejûn brutsen yn it FEC yn Ljouwert. Op Domino Day foelen 3.992.397 stiennen om. It spektakel wie te besjen op SBS6. It omfallen fan de stientsjes ferrûn net sûnder problemen.

Eins wie it de bedoeling dat der 4.250.000 stientsjes omfalle soene. Flak foar't de útslach bekend wie, tochten in soad bouwers noch dat se it rekord net brutsen hiene. It âlde rekord wie 3.847.295 stiennen (yn 2002).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)