Wrâldrekôr fan Kulizhnikov op 500 meter

15 nov 2015 - 23:44
  • Pavel Kulizhnikov

De Rus Pavel Kulizhnikov hat lang om let it wrâldrekôr fan de Kanadees Jeremy Wotherspoon op de 500 meter ferbettere. Yn Calgary by it wrâldbekerriden klokte er 34.00 en dêrmei wie er 0.03 rapper as de âlde toptiid út 2007. Ronald Mulder wie mei 34.36 op it sânde plak de bêste Nederlanner.

By de froulju waard de 500 meter wûn troch de Sinese Hong Zhang yn 36.94. Jorien ter Mors waard sechsde mei in nij pr fan 37.50. Margot Boer mar 18e yn 38.37.

Op de 1500 meter waard Sven Kramer wat hindere troch in fal fan syn tsjinstanner Min Seok Lee. Kramer. It wie krekt as liet er de race dêrnei rinne. Hy waard 19e yn 1.46.91. De winst wie foar de Rus Denis Yuskov yn 1.41.88. Gerben Jorritsma ried op de 500 en 1500 meter beide kearen in pr. Op de 500 meter 34.59, goed foar it alfde plak, op de 1500 meter 1.44.45, in njoggende plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)