Wrâldreis foar do

03 aug 2000 - 11:38

In postdo fan Skiermûntseach hat aardich wat fan de wrâld sjoen. Ein maaie liet dowehâlder Visser it bist yn Frankryk los. De do fleach net werom nei it eilân mar kaam op in Sweedsk skip telâne.

Ien fan de bemanning ûntduts de do. It rinkje oan de poat joech dúdlikheid oer syn ôfkomst. De fûgel fear mei nei Dútslân en Kanada. De do is tiisdei by syn eigner weromkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)