Wrâldoererekôr Jan Brander

11 okt 2012 - 14:38

Jan Brander hat op de hurdfytsbaan fan Manchester in nij wrâldrekôr by de masters 65+ delsetten. Brander ried yn in oere 43 kilometer en 742 meter. Mei dy ôfstân ferbettere hy rom it besteande rekôr fan de Frânsman Jean Pierre Demenois dy't yn jannewaris 2011 op de heechlânbaan fan Meksiko 42.614 helle. Brander ried ek wer mear meters as by syn wrâldrekôr 60+ dat hy mei 43.369 yn april 2007 beskrepte op de baan fan Alkmaar.

Op de baan yn Manchester dogge 460 hurdfytsers út 27 lannen mei oan it wrâldkampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)