Wrâldkampioenskippen Vaurien op de Snitsermar

25 jun 2015 - 11:42
  • Argyfbyld fan it WK Vaurien

It wrâldkampioenskip Vaurien silen komt nei tolve jier werom nei Nederlân. De lêste kear wie Starum de basis fan de wrâldkampioenskippen. Dizze kear is dat de Snitsermar. It WK mei de lytse sylboatsjes wurdt hâlden yn de wike foarôfgeand oan de Snitswike.

Oan de wedstriden dogge sa'n tachtich boaten út tsien lannen mei. Se sile alle dagen trije wedstriden. It Starteilân sil dizze wike fungearje as útfalbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)