Wrâldkampioene Alyda Norbruis huldige yn eigen doarp Oerterp

06 apr 2015 - 16:28
  • Alyda Norbruis huldige yn Oerterp
  • Alyda Norbruis mei de boargemaster Van Selm
  • Publyk by huldiging Alyda Norbruis yn Oerterp

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis is op peaskemoandei huldige yn it eigen doarp Oerterp. By it kritearium fan Oerterp waard de trijefâldich wrâldkampioene op it poadium helle en eare troch boargemaster Ellen van Selm. Se krige jildsjeks, in krânse en in grutte foto fan harsels. Nei de huldiging gie Alyda yn in iepen Kever foar in rûnrit troch it doarp.

Ferline wike waard Alyda Norbruis wrâldkampioene op de 500 meter yn in wrâldrekôr, de trije kilometer achterfolging en op de scratch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)