Wrâldkampioen Jannick de Jong huldige yn wenplak De Gordyk

02 okt 2015 - 20:58
  • Jannick de Jong wurdt feestlik huldige

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk is freedtejûn yn syn wenplak feestlik huldige foar syn sportive suksessen dit jier. Jannick wist op 19 septimber yn it Frânske Morizes as earste Nederlanner wrâldkampioen te wurden.

Yn july dit jier waard De Jong boppedat foar de tredde kear op rige Europeesk kampioen. En ek waard er foar de sechsde kear Nederlânsk kampioen. Ut hannen fan de gemeente Opsterlân krige Jannick 1000 euro om syn motorrydbewiis te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)