Wrâldatlas foar goede doelen

01 nov 2005 - 16:15

Sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking Tûmba yn Ljouwert komt ynkoarten mei in Fryske Wrâldatlas op ynternet. Dêrop stean in wrâldkaart en in kaart fan Fryslân. Klikke je in lân yn de Tredde Wrâld oan, krije je op de Fryske kaart te sjen hokker Fryske organisaasjes harren yn dat lân ynsette.

Doel is om effektiver en tûker te wurk te gean by akjes. Oare provinsjes komme ek mei sa'n kaart. De gegevens fan alle provinsjes wurde oan-inoar keppele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)