Wrakstikken skip fûn, sykaksje sneon fierder

27 nov 2015 - 19:16
  • Anna Dorothea rêdingsboat KNRM

De KNRM en de plysje hawwe freedtejûn lange tiid op syk west nei in fermiste hierboat by De Lemmer. It skip is om fiif oere middeis hinne foar it lêst sjoen tichteby De Lemmer, en is dêrnei fan de radar ferdwûn. De KNRM hat twa boaten út Urk en twa boaten út De Lemmer ynset by de syktocht. Ek is der in plysjeboat ynset. 

Om 9 oere jûns waard in wrak yn it wetter oantroffen. It is net dúdlik oft it om it fermiste skip giet. Ek binne der klean yn it wetter oantroffen. De sykaksje is om healwei tsienen jûns stopset. Sneontemoarn wurdt der fierder socht. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)