Wrâldbeker: Oenema 8e op 500 m

02 des 2011 - 16:55

Thijsje Oenema hat op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean gjin ferfolch jaan kinnen oan har goeie prestaasjes fan 'e ôfrûne wiken. Se waard wol de bêste Nederlânske mei in achtste plak yn 38.53 sec. Earder yn Tsjeljabinsk en Astana einige se in kear as twadde en in kear as tredde. De Sinese Jing Yu waard op It Hearrenfean earste yn 37.84, foar Sang-Hwa Lee fan Koreä yn 37.91. Margot Boer foel mei in tiid fan 38.81 bûten de top tsien. Se waard trettjinde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)