Wouter Bos nei Ljouwert

01 jul 2008 - 10:08
  • PvdA-partijlieder Wouter Bos

PvdA-partijlieder en minister fan Finânsjes Wouter_Bos komt ein septimber nei Ljouwert ta. Bos is op 29 septimber te gast yn Post_Plaza by in partijjûn oer ûnderwerpen as duorsumens en wenjen. Ek komt wurkgelegenheid, yntegraasje en it op peil hâlden fan it foarsjenningsnivo yn de steden en doarpen oan 'e oarder.

Neist Bos sille ek deputearre Anita_Andriesen en oare minsken yn 'e PvdA harren minge yn de diskusje. De jûn is foar elkenien tagonklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)