Wout op de top fan Alpe d'Huez

09 jun 2011 - 13:41
  • Wout Zijlstra hat de top helle (foto's: Omrop Fryslân, Simone Scheffer)

Sterke man Wout Zijlstra fan Folsgeare hat tongersdei om healwei twaen de top fan de Alpe d'Huez berikt. Zijlstra beklom de berch om jild yn te sammeljen foar de kankerbestriding. Hy docht dat tegearre mei 4000 oare fytsers.

Zijlstra begûn om in oere as njoggen mei de beklimming en hat der dus 4,5 oere oer dien. Hy fûn it in hiele drege tocht, wylst oaren soms wol seis kear nei boppen fytse. It evenemint hjit dêrom Alpe d'HuZes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)